April 2008: Mercator Kennis Sintrum fersoarget sprekkers foar Jiddysk Festival Ljouwert
Fan 15 oante 20 april 2008, sil Ljouwert fiif dagen lang ûnderdak biede oan it Jiddysk Festival Ljouwert en sil it de “Yiddish shtetl in der medine” wêze. It festival mei as tema 'Friling, in nije Jiddyske maitiid’, beljochtet de ferskate aspekten fan de Jiddyske kultuer en sil de festivalbesikers yn de kunde bringe mei de rykdom fan de Jiddyske taal, muzyk, film, literatuer en skiednis.
It programma fan it Jiddysk Festival Ljouwert fariearret fan konserten oante muzyk workshops fersoarge troch ynternasjonale leararen en muzykanten en fan in Jiddyske taal workshop foar begjinners oante lêzingen. Mar ek tentoanstellingen, in filmprogramma, in kuiertocht troch Ljouwert en saneamde jamsessions yn de stêdskafees meitsje ûnderdiel út fan it programma.
Boppedat hat it Mercator Kennissintrum in bydrage levere oan it Jiddyske Festival Ljouwert; it hat twa nijsgjirrige sprekkers foar it lêzingeprogramma fan freedtemiddei (fan ôf 13.30 oere) útnoege. De twa sprekkers binne professor Dovid Katz en dr. Marija Krupoves-Berg. Dovid Katz is professor oan de Vilnius University yn Litouwen. De titel fan syn lêzing sil wêze ‘Yiddish Past, Yiddish Present, Yiddish Future’.
Dr. Marija Krupoves-Berg is dosinte oan de Vilnius Yiddish Institute yn Litouwen. Sy sil wat fertelle oer de Jiddyske folkloare.
Mear ynformaasje: